Foar Friezen
In namme seit in soad oer wa’tst bist. Lit mei in Fryske domeinnamme sjen datsto Frysk bist en sprek dyn Fryske doelgroep oan. Sa falsto op yn Fryslân en de rest fan de wrâld.
In soad frije domeinnammen
In soad .frl domeinnammen binne noch frij. Dat is it foardiel fan in relatyf nije domeinekstinsje. Registrearje dêrom de domeinnamme dy’tsto ha wolst, foardat in oar it docht.
Goed te finen
Mei in Fryske domeinnamme litsto sjen wêr’tsto te finen bist. Sykmasines sille dy sa gauwer sjen litte as minsken yn Fryslân nei dy op syk binne.
As merknamme
Brûk de namme fan dyn produkt of tsjinst as domeinnamme én as merknamme. Sa bist mei kapper.frl dé kapper fan Fryslân en litst mei bootverhuur.frl sjen datsto boatsjes ferhierst yn Fryslân.
As mienskip
Brûk ek meielkoar in .frl domeinnamme. Museum.frl is bygelyks it plak dêr’t alle Fryske musea harrensels sjen litte.
Alle lêstekens
Brûk alle Fryske lêstekens ek yn dyn domeinnamme. Fryslân.frl yn plak fan Fryslan.frl dus!