DÊROM .FRL

It plak datst kiest op ynternet, seit wat oer wa’tsto bist en wêr’tst foar stiest. Mei in domein fan .frl stekst boppe de rest út. direkt oan dyn domein.

Dyn Frysk plak op ynternet

It plak datst kiest op ynternet seit in protte oer wa'tst bist. No kinst sjen litte datst foar Fryslân stiest. Dêrmei ûnderskiedst dysels yn Nederlân en falst op yn de rest fan de wrâld.

Rjochte op Fryslân en de Friezen

Rjochtesto dy op Fryslân en binne de Friezen dyn doelgroep, dan is dit de perfekte kâns om se doelbewust te benaderjen. Sa bist mear ferbûn mei dyn doelgroep en stean jim mei-inoar foar .frl

Nije domeinnammen, tal fan kânsen op ’e merk

De komst fan .frl biedt romte foar tal fan nije domeinnammen. Dat betsjut mear kânsen op ’e merk. No is it momint om de domeinnamme dy't by .nl beset wie, dy ta te eigenjen mei .frl.

Útdragen fan dyn Fryske komôf

Fan de bakker op de hoeke, in Fryske multinasjonal oant dyn famyljenamme, mei-inoar litte we sjen wêr't Fryslân foar stiet. In unyk plak yn de wrâld mei in eigen identiteit en in grutte oanlûkingskrêft.

Alle Fryske lêstekens yn dyn domeinnamme

Foar it earst yn de skiednis fan it ynternet kinst de hiele Fryske taal, ynklusyf lêstekens, ferwurkje yn dyn domeinnamme! Dus Fryslân yn stee fan Fryslan.

Stimulâns foar de Fryske ekonomy

Mei .frl binne we by steat om mear online bestegings yn Fryslân te hâlden. Dêr profitearret elkenien fan mei.

Romte foar ynnovaasje en kreativiteit

Dyn nije ideeën en kânsen kinst wiermeitsje op ít briedplak foar inisjativen en talint: .frl. Út de nije ekstinsje wei ûntstean mooglikheden foar gearwurkingsfoarmen tusken nije kommersjele en/of kulturele inisjativen.

Spesifike kommunikaasje fan dyn produkt of tsjinst

Ferkeapest Fryske woarst of Fryske koeke? Bisto dé online boekewinkel fan Fryslân? Of fersoargest Fryske taalkursussen? Dan kinst no doelbewust oan Fryslân en de rest fan de wrâld sjen litte wêr'tst foar stiest.

Better te finen op it web

En last but not least: mear besites út Google wei. Troch dy te rjochtsjen op in spesifyk terrein, boust oan dyn autoriteit en relevânsje. Dat docht mear fertuten yn de sykmasines. Wat mear gebrûk makke wurdt fan de .frl domeinen, wat gauwer ast fûn wurdst.

.FRL is spesjaal foar:

• elk dy't aktyf is op de Fryske merk
• elk dy't oan de wrâld sjen litte wol wat Fryslân te bieden hat
• elk dy't spesifyk Fryske doelgroepen oansprekke wol

MIS DYN .FRL NET!
Pak dyn kâns .frl! Wolst in .frl foar dyn partij, dyn bedriuw, dyn merk, dyn blog of dyn kampanje? Wês der dan gau by. Freegje fan 2 febrewaris wurdt dat oan dy takend op 2 april.

Bestel de leukste .frl goodies hier
In prachtige provinsje dy soad kin dwaan foar jo online identiteit
Mear oer Fryslân

BLIUW OP ’E HICHTE

Wolst mear witte oer .frl en de kânsen dy't dat biedt foar dy? Meld dy dan oan foar de nijsbrief of folgje ús op Facebook en Twitter.