Foar registrars

Fryslân krijt syn eigen topleveldomein .frl. De earste pioniers sille op 2 desimber al de spits ôfbite troch har nije .frl domein te lansearjen. Dêrnei sil 2015 begjinne mei de faze foar merkhâlders.
De Fryske foarrangsperioade start op 2 febrewaris 2015.
Ast foar dysels én foar Fryslân kânsen skeppe wolst, slút dy dan oan by .frl.
Nim dêrfoar kontakt op mei FRLregistry.

DE TIIDLINE YN FÛFELFLECHT

2 desimber 2014 14:00 CET: De earste pioniers gean yn de loft.
Yn de moanne desimber folgje de oare pioniers.

1 jannewaris 2015 13:00 CET: Sunrise (TMCH) faze.
Domeinnammen wurde registrearre op first-come, first-serve basis, mar allinnich troch bedriuwen mei in merkregistraasje yn de TMCH.
Klik hjir foar mear ynformaasje.

2 febrewaris 2015 14:00 CET: Landrush perioade mei foarrang foar Fryske bedriuwen en partikulieren.
Elkenien mei in domeinnamme oanfreegje, mar pas nei 2 april wurdt útmakke wa’t it measte rjocht hat op hokker domeinnamme.

14 april 2015 14:00 CET: General Availability.
Domeinnammen wurde útjûn op first-come, first-serve basis oan elkenien wrâldwiid.

puntFRL_powerpoint_tijdlijn_300dpi

OANMELDE AS REGISTRAR

As jo foar josels én foar Fryslân kânsen skeppe wolle, slút jo dan oan by .frl.

ICANN-Accredited Registrar: Download hjir de Registry-Registrar-Agreement (RRA). De tekene RRA stjoere jo nei registrars@registreer.frl. Nei it stoarten fan de boarch krije jo de wachtwurden tastjoerd foar de test- en live-omjouwingen. De hantliedingen fine jo hjir: EPP HantliedingWeb Hantlieding.

Net-ICANN-Accredited Registrar: Binne jo as reseller oansletten by in ICANN-Accredited Registrar, freegje dan nei de .FRL ekstinsje. Biedt jo registrar dy net oan, slút jo dan oan by Metaregistrar. Metaregistrar biedt .frl, .amsterdam en .nl domeinnammen foar kostpriis.

Mear fragen: nim kontakt op mei FRLregistry troch te mailen nei registrars@registreer.frl

BLIUW OP ’E HICHTE

Wolst mear witte oer .frl en de kânsen dy't dat biedt foar dy? Meld dy dan oan foar de nijsbrief of folgje ús op Facebook en Twitter.