GEAN FOAR .FRL

Fan 2 febrewaris 2015 ôf krijst de kâns om dyn eigen Fryske plakje op ynternet te bemachtigjen. Yn de yntroduksjeperioade foar it brede publyk hawwe Fryske bedriuwen, organisaasjes en ynwenners fan Fryslân in streekje foar, dus lit dy kâns net lizze. Fan 2 april ôf wurde de domeinen takend en kinst yn ’e loft mei dyn nije .frl domein.

Hoe sjocht de yntroduksje fan .frl derút?

De yntroduksje fan .frl bart yn fazen. Sa soargje wy derfoar dat (Fryske) merken, oerheden, bedriuwen en ynwenners mei foarrang har domein bemachtigje kinne. Pak dus no dyn kâns en claim it domein dat by dy past!

HIERARGY FAN DOMEINEN

It takennen fan domeinen bart yn de yntroduksjeperioade fia in hierargy dy't foarôf fêststeld is. Dy sjocht der as folget út: merken gean foar oerheden, oerheden gean foar bedriuwen en bedriuwen gean foar partikulieren. Dêrby jildt altyd as haadregel dat Fryske oanfregers foarrang hawwe op net-Fryske oanfregers.

As mear as ien persoan of organisaasje mei deselde status ynteresse hat yn deselde domeinnamme, folget in feiling.

Dêrneist binne der premium domeinen. Dat binne domeinen mei in spesjale wearde foar Fryslân, yn kulturele of kommersjele sin. Wolst kâns meitsje op in premium domein? Besjoch de premium domeinen.

Hoe wurket it?

Goodies fan .frl

It plak op ynternet seit in soad oer wa do bist. Mei dyn domeinnamme kinsto dy ûnderskiede en sjen litte wêrsto foar stiest. Mei de aardige goodies fan .frl falst do op en is it mooglik om  sjen te litten datsto foar Fryslân stiest.

.frl goodies

BLIUW OP ’E HICHTE

Wolst mear witte oer .frl en de kânsen dy't dat biedt foar dy? Meld dy dan oan foar de nijsbrief of folgje ús op Facebook en Twitter.