OER .FRL

De eksploitaasje fan it eigen Fryske Top Level Domein .frl is yn hannen fan FRLregistry BV, in susterbedriuw fan Mijndomein.nl BV.
Oerienkommend mei de winsk fan Provinsjale Steaten om dizze ekstinsje yn te fieren sûnder ynset fan provinsjale middels hat FRLregistry BV de oanfraach fan it Fryske Top Level Domein .frl foar eigen rekken en risiko yntsjinne by de ICANN. Hy is dêrmei ek eigener fan dat domein en nimt de folsleine ferantwurdlikheid foar de eksploitaasje.

Ek mei it each op de potinsje foar de marketing fan Fryslân is de provinsje Fryslân al fan it begjin ôf belutsen supporter fan .frl.

De ekstinsje .frl wurdt yn fazen ynfierd. Dêrmei krije de beskerme merken, de oerheid, it Fryske bedriuwslibben en Fryske partikulieren de gelegenheid as earste in Fryske domeinnamme te brûken. Dêrneist binne sawat 3.000 domeinnammen reservearre foar kultuer en kommersje, dat binne de premiumdomeinen. Fan heal april 2015 ôf binne .frl-domeinnammen rûnom op de wrâld frij te registrearjen.

BLIUW OP ’E HICHTE

Wolst mear witte oer .frl en de kânsen dy't dat biedt foar dy? Meld dy dan oan foar de nijsbrief of folgje ús op Facebook en Twitter.