PREMIUM .FRL

Premiums binne domeinen mei in spesjale wearde foar Fryslân. Dy spesjale wearde sit yn it kultureel of kommersjeel belang dêrfan. Kinst oanspraak meitsje op in premium ast in unyk idee of konsept hast om dat belang te behertigjen.

In premium wurdt takend troch Stichting puntFRL (behear kulturele domeinen) en it FRLfûns (behear kommersjele domeinen) op basis fan de wearde fan dyn doelen en ideeën. Dus, bisto in ûndernimmende Fries en wolst wat betsjutte foar Fryslân? Bisto by steat om krêften te bondeljen op ien fan de premium kommersjele of kulturele domeinnammen? Pak dan dyn kâns en meitsje dyn ynteresse yn in premium sa gau mooglik kenber.

Direct oanmelde foar in premium

Hoe wurde oanfregers fierder beoardiele?

Ús beslút is basearre op in solide ûndernimmingsplan, de kwaliteit fan de tsjinst, it entûsjasme en referinsjes fan de oanfreger. It giet derom dat ús partners echt bouwe sille op it premiumdomein. Dat is ek de reden dat de domeinnamme it earste jier útjûn wurdt op basis fan brûklien. PuntFRL bliuwt dus earst eigener fan dyn domeinnamme.

Mei-inoar foar .FRL

Ferskate partijen stypje it inisjatyf om kânsrike premium domeinen fierder te ûntwikkeljen. Sy sjogge dêrby grutte mooglikheden en kânsen foar Fryslân. Dy partners leverje in bydrage op it mêd fan harren spesifike kennis en ekspertize. Ek as subsydzjelûker of takomstich finansier kinne se stypje. Sa kinne we mei-inoar doelen realisearje.

Wêrom in Premiumdomein?

In domein is faak de namme fan it bedriuw, tsjinst of produkt. Wat better de domeinnamme (koart en maklik te ûnthâlden), wat better de kâns dat minsken it werkenne en ûnthâlde. Mei ûntelbere online-bedriuwen en -tsjinsten kin it ferskil tusken súkses en mislearring ôfhingje fan it feit oft klanten har jo namme yn ’t sin bringe kinne en der in emosjonele bining mei hawwe. In geweldige namme omfettet dêrneist idealiter ek útlis oer it bedriuw en in marketingslogan, sadat jo domein op alle nivo’s by jo past.

Premiumdomeinen binne trochstrings ien oant fiif posysjes lang en binne termen of sykwurden dy’t in soad brûkt wurde en beskikke oer in ynherinte oprop ta aksje. Bedriuwen registrearje dy nammen om’t se de krêft fan in sterk byldmerk en de byhearrende marketingwearde fan in koart, persoanlik en maklik te ûnthâlden domein begripe.

DAN STIEST ERGENS FOAR
REGISTREARJE NO DYN FRL DOMEINNAMME
Powered by Mijn Domein

BLIUW OP ’E HICHTE

Wolst mear witte oer .frl en de kânsen dy't dat biedt foar dy? Meld dy dan oan foar de nijsbrief of folgje ús op Facebook en Twitter.