fnp.frl

Oant begjin desimber 2014 is www.fnp.frl online as nij ynternet domein. De FNP sit by de earste 100 *.frl pionieradressen. De partij hat har daliks oanmeld foar sa’n *.frl pioniersadres. Neffens it bestjoer in logysk ferfolch op de ynset fan de FNP. “We wienen de earste politike partij dy’t dit idee fan in *.frl domein op ynternet fan herte stipe. Wy binne der ek wiis mei dat der no al mear as 1500 oanfragen foar in *.frl ekstinsje yntsjinne binne. En dêr komme der noch folle mear by.”

De FNP sil der alles oan dwaan om it *.frl-domein út te dragen en sil begjin desimber mei har dan fernijde hiemside daliks oerstappe op de nije domeinnamme “FNP.frl”. Ek sil de *.frl ekstinsje dan daliks brûkt wurde yn alle publike mail adressen, mear as 300, dy’t yn gebrûk binne en trochfierd wurde op fisitekaartsjes en oar promoasje materiaal.

Ek sil de partij in bydrage leverje oan de promoasje fan it .frl-domein en sil har ynfloed brûke om alle publike websides ûnder de *.frl ekstinsje te bringen.

fnp_800_01

www.fnp.frl

Ga naar de website

Blijf op de hoogte

Wil je meer weten over .FRL en de kansen die dit biedt voor jou?
Meld je dan aan voor updates of volg ons op Facebook